Nij MFA foar Skearnegoutum

14 feb 2014 - 19:24

Yn Skearnegoutum is freed it Swettehûs offisjeel iepene. Dat is in multyfunksjonele akkommodaasje mei dêryn neist it doarpshûs ek in bernesintrum, in pjutteboartersplak, in húsdokterspraktyk en in fysioterapypraktyk.

Oer it plan en de finansiering foar in mienskiplik ûnderkommen hat lang diskusje west. Ynwenners fan it doarp hawwe earder mei aksjes trije ton ophelle foar it nije doarpshûs. De bou fan it folsleine kompleks hat goed twa miljoen euro koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)