Nij metalfestival yn Noarden

27 aug 2001 - 00:00

Noard-Nederlân krijt der in nij metalfestival by. Under de namme Noordschok organisearje trije kulturele ynstellings in hardcorefestijn mei optredens op ferskate poadia yn it Noarden.

It is de bedoeling dat út elke provinsje wei trije bands oan it festival meidogge, dy't yn ferskate plakken optrede sille. Yn febrewaris stiet al in grut konsert yn Grins op de rol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)