Nij metalfestival yn Ljouwert

20 apr 2014 - 09:49

Yn De Harmonie yn Ljouwert is snein de earste edysje fan in nij metalfestival, mei de namme 'Eggbangers Ball'. De organisaasje is yn hannen fan Poppoadium Romein, yn gearwurking mei de Fryske metalfestivals Into the Grave en Dokk'em Open Air. Ek Iduna yn Drachten en it Bolwurk yn Snits dogge mei. Njonken bands út it bûtenlân, is der op it nije festival ek romte foar metal út Fryslân. Nije bands krije de gelegenheid om har te presintearjen, de bêste meie spylje op Into the Grave en Dokk'em Open Air.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)