Nij materieel brânwacht Kollum

15 nov 2003 - 00:00

Troch boargemaster Bilker wurde sneon yn Kollum twa nije brânwachtauto's en in boat yn gebrûk nommen. It giet om in grutte spuitauto, in wat lytsere materiaalwein en in boat mei in bûtenboardmotor.

It brânwachtkorps fan Kollumerlân is hiel wiis mei it nije materieel. Der kin no effisjinter wurke wurde. Mei de komst fan it nije spul hie de brânwacht in âlde helpferlieningsauto oer. Dy is skonken oan in gemeente yn Roemenië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)