Nij, lúkse hotel yn Snits

07 maaie 2005 - 14:08

Yn Snits wurdt sneon in nij hotel iepene. It Pallas Hotel sit oan de Graaf Adolfstrjitte en hat fjouwer stjerren. Foaral de lúkse, de spesjale temakeamers en de grutte feestsealen moatte derfoar soargje dat it hotel in plakje feroverje kin op de al drokke hoarekamerk yn Snits.

Der is romte foar sa'n 70 gasten en bedriuwslieder Dof tinkt dat it hotel meastentiids fol sit. De bou hat hast in jier duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)