Nij ljochtplan Hearrenfean

17 okt 2007 - 10:27
  • Hearrenfean wol mear lampepeallen op sinne-enerzjy rinne litte

It bûtengebiet by Hearrenfean krijt in folslein nij ljochtplan. It giet om ferljochting op sinne-enerzjy foar de fyts- en kuierpaden en om reflektearjende peallen op autodiken.

De nije ferljochting is earst in proef en wurdt hâlden bûten de beboude kom fan Ketlik, Mildaam, De Knipe, Bontebok en Alde- en Nijehoarne. De ljochten kostje folle minder as gewoane lampepeallen en binne better foar it miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)