Nij lespakket Fries Museum

25 feb 2013 - 12:17

Bern fan de brede skoalle yn Akkrum giene moandei as earsten fan Fryslân op 'e syk nei Fryske topstikken. Meiwurkers fan it Fries Museum beane moandei in lespakket mei dy namme oan. It moat bern bewust meitsje fan keunst en kultuer yn 'e provinsje.

De kommende tiid moatte de bern bysûndere persoanen of objekten yn 'e buert sykje. Se kinne in filmke of foto dêrfan op de webside fan it museum sette. De moaiste filmkes wurde tentoansteld yn it Fries Museum. It lespakket Museum wurdt nei alle basisskoallen yn Fryslân tastjoerd.

It projekt is net allinnich foar de basisskoallen. Elke Fries kin syn of har topstik op www.friesetopstukken.nl pleatse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)