Nij lektoraat oan de NHL

09 jun 2010 - 16:41

Der kin yn Ljouwert aanst foar it earst 'Wonen, Welzijn en Zorg op Hoge Leeftijd' studearre wurde. De NHL set kommend jier útein mei in nij lektoraat. It nije lektoraat wurdt foar in grut part troch de Talma Stichting betelle.

Ien fan de doelen is om in goede relaasje te lizzen tusken teory en praktyk. Dy is op dit stuit noch net goed op elkoar ôfsteld. Evelyn Finnema wurdt de nije lektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)