Nij kuierpaad Oerterp iepene

30 aug 2014 - 12:04
  • Jolanda Brouwer en Hans Bruinsma fan Pleatslik Belang
  • bankje oan de eardere sânwinput

Nei jierren fan striid hat Oerterp in nij kuierpaad. It paad fan 4,8 kilometer leit by sânwinput Lippe Gabriëlsplas oan de noardkant fan it doarp. Doarpsbelang is al sûnt de jierren tachtich dwaande om foar it paad te iverjen. De kuierrûte begjint by de Lipomwyk en rint lâns de Lippe Gabriëlsplas en oer De Feart werom nei de Lipomwyk.

Doarpsbelang Oerterp is bliid dat it paad der nei jierren fan ûnderhanneljen dochs kaam is, mar hopet wol dat der mear buorden komme dy't nei it paad ferwize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)