Nij kuiernetwurk Oranjewâld

23 maaie 2014 - 15:52
  • Brechje fan Pleatslik Belang yn nij kuierpaad Oranjewâld

Yn Oranjewâld is freed offisjeel in nij netwurk fan kuierpaden iepene. It bestiet út goed 70 kilometer oan paden. De bedoeling is dat it kuiernetwurk him letter útwreidet nei hiel Súdeast-Fryslân.

Kuiernetwurk It Oranjewâld waard iepene troch deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Coby van der Laan fan gemeente Hearrenfean. Der waard ek in brêchje yn gebrûk naam dat Pleatslik Belang boud hat. It jild foar it brêchje is byinoar brocht troch de omjouwing. Der is gjin subsydzjejild by oan te pas kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)