Nij krematoarium by Marsum

01 sep 2011 - 19:57
  • Inisjatyfnimmers Ytsje Hoekstra en Jan Klaas Faber
  • Sa komt it der út te sjen (foto's Omrop Fryslân/Geale Groen)

Der komt in krematoarium by Marsum. Faber Uitvaartzorg út Wommels hat it hoarekabedriuw Andringastate kocht om der in útfeartsintrum fan te meitsjen. It krematoarium wurdt achter de pleats boud. De kosten wurde rûsd op mear as fjouwer miljoen euro.

De gemeente Menameradiel wurket graach mei oan de plannen ek it doarp is posityf. As alles goed giet kin oer in heal jier mei de bou útein set wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)