Nij kontrakt foar Jerry St. Juste fan SC Hearrenfean

24 apr 2015 - 15:07
  • Jeremiah St. Juste

Sintrale ferdigener Jerry St. Juste fan SC Hearrenfean hat in nij kontrakt foar trije jier mei in opsje foar nochris twa jier tekene by de fuotbalklup. De 18-jierrige St. Juste komt út de eigen oplieding fan de Feansters. Hy makke twa wike lyn tsjin AZ syn basisdebút. Dy wedstriid wûn SC Hearrenfean mei 5-2.

Tsjin PSV makke de ferdigener ek de 90 minuten fol. St. Juste hopet dat hy mei syn trochbraak yn it earste alvetal fan SC Hearrenfean ek wer yn oanmerking komt foar Oranje ûnder de 19. Dat team spilet dizze simmer it EK yn Grikelân.

SC Hearrenfean hat ek noch in nije spiler kocht: doelman Wieger Sietsma komt oer fan FC Grins. Hy tekenet ek in kontrakt foar trije jier mei in opsje foar noch twa. Sietsma is 19 jier en makke ferline seizoen syn debút yn Oranje ûnder de 19. Sietsma stiet yn it doel by de beloften fan Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)