Nij kontrakt foar De Loor

25 apr 2005 - 21:03

Reedrydster Barbara de Loor rydt it kommende seizoen by de VPZ-ploech. De 30-jierrige wrâldkampioene op de tûzen meter hat yn de tarieding op de Olympyske Spelen ûnderdak fûn yn de kommersjele ploech dêr't ek treenster Sijtje van der Lende wurket.

Barbara de Loor hie de lêste twa jier gjin kontrakt by in ploech. Sy trainde in soad yn Inzell mei de Dútske Anni Friesinger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)