Nij kontrakt Cambuurspilers

22 maaie 2013 - 21:41

Cambuurspilers Erik Bakker en Wout Droste hawwe beide harren kontrakt by de Ljouwerter fuotbalklup mei twa jier ferlingd. Sa meldt Cambuur op de eigen webside. Sawol Bakker, as Droste hiene in ôfrinnend kontrakt. Droste spile oant no ta 65 wedstriden foar Cambuur en skoarde deryn ien kear. Bakker hat 48 wedstriden spile en hat 21 doelpunten op syn namme stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)