Nij kommunikaasjesysteem plysje

28 jul 2004 - 11:08

Plysje, brânwacht en ambulance yn Fryslân hoopje yn desimber it nije digitale kommunikaasjesysteem C2000 yn gebrûk te nimmen. Mei dat systeem kinne de trije helptsjinsten streekrjocht mei elkoar kommunisearje. Op dit stuit giet dat noch fia in omwei. De yngebrûkname is wer in stikje tichterby kommen troch in útspraak fan de Raad van State.

Dy hat besletten dat beswierskriften de tarieding foar it systeem yn Fryslân net opkeare kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)