Nij kolleezje yn Harns

12 apr 2010 - 09:28

Yn Harns is in kolleezje foarme fan mar leafst fiif partijen. It giet om Frisse Wind Harlingen, Harlinger Belang, SP, D66 en GrienLinks. Foar de twa wethâldersposten wurdt in iepen sollisitaasjeprosedure start, elkenien kin sollisitearje.

Kearnpunten fan it kolleezje binne bestjoerlike fernijing en de boarger mear yn de polityk behelje. It dossier oer de ôffaloven sil earst kritysk besjoen wurde, foardat dêr eventuele stappen oer ûndernommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)