Nij kolleezje noch net klear

06 apr 2011 - 19:23
  • Byld fan de earste ûnderhannelings

De ûnderhannelings foar it nije kolleezje fan deputearre steaten gean fierder mei de PvdA, it CDA en de FNP. Woansdei waard bekend dat GrienLinks út de ûnderhannelings stapt is, omdat se gjin deputearre leverje meie oan it nije kolleezje.

Formateur Margreeth de Boer giet troch mei de petearen tusken de trije oerbleaune partijen. Se ferwachtet dat it yn alle gefallen noch wol in wike duorje sil foardat de partijen derút binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)