Nij kolleezje: mear wurk, deltaplan Frysk, minder belesting

15 maaie 2015 - 09:40

It nije kolleezje fan deputearre steaten fan CDA, VVD, SP en FNP presintearret freedtemoarn om 11.00 oere it nije kolleezje-akkoart. It nije kolleezje wol him rjochtsje op mear wurk yn gearwurking mei it midden- en lytsbedriuw. De provinsjale opsinten op de wegebelesting geane mei 30 prosint omleech en ek komt der in 'Deltaplan Frysk' foar de fersterking fan de Fryske taal en kultuer.

Omrop Fryslân bliuwt folslein selsstannich, as it oan it nije kolleezje fan deputearre steaten leit.

De provinsje fynt dat de posysje fan it Frysk en fan Omrop Fryslân ferankere wurde moatte yn de mediawet. Om de wurkgelegenheid te stimulearjen komt der in Fryske ûntwikkelingsmaatskippij. It jild dat hjir yn stutsen wurdt, moat nei ferrin fan tiid wer weromkomme.

It nije kolleezje fan deputearre steaten is blykber noch net folslein oertsjoege fan de plannen foar in fakulteit-Ljouwert fan de Ryksuniverseit Grins. It nije kolleezje fan deputearre steaten wol de kommende moannen de effekten fan dy Ljouwerter fakulteit fan de universiteit Grins kritysk ûndersykje. As dat ûndersyk posityf útfalt sil it nije kolleezje bydrage oan de plannen foar de fakulteit Ljouwert.

Toeristen kinne tenei makliker troch Fryslân reizgje. Yn it ramt fan it projekt 'Gastvrij Fryslân' komt der in fergese OV-deikaart foar toeristen dy't yn Fryslân oernachtsje. Yn it jier 2025 moat 25 persint fan it Fryske enerzjyferlet duorsum opwekt wurde, skriuwt it nije kolleezje fan deputearre steaten.

Alle ambysjes fan it nije provinsjale bestjoer kostje mei-inoar 321 miljoen. Dêrfan komt 153 miljoen nei ferrin fan tiid wer by de provinsje werom. It folsleine kolleezje-akkoart is beskikber fan 11.00 oere ôf.

Dowload it nije kolleezje-akkoart as PDF.

Ferslachjouwer Onno Falkena tweet oer de presintaasje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)