Nij kolleezje Ljouwerteradiel

01 sep 2010 - 09:48

De gemeente Ljouwerteradiel hat in nij kolleezje fan CDA, FNP en Gemeentebelangen. Gemeentebelangen hat it plak fan de PvdA oernaam. Om't dy partij wol dat Ljouwerteradiel opgiet yn de gemeente Ljouwert is it foar it CDA en FNP net langer mooglik om mei de PvdA troch te bestjoeren.

By de lêste gemeenteriedsferkiezings hat de mearderheid fan de befolking fan Ljouwerteradiel keazen foar gearwurking mei de Middelseegemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)