Nij klimpark yn Appelskea

10 jul 2008 - 17:27

Yn Appelskea is tongersdeitemiddei it grutste klimparkoers fan Nederlân iepene. Bern en folwoeksenen kinne dêr klimme, abseile en tokkelje. Se moatte dan wol begelieding hawwe en in helm op en in túchje oan. De minimumlingte is 1.30 meter. De meiwurkers fan it Klimavontuur fine feiligens hiel wichtich.

It klimpark leit op it terrein fan camping De_Roggeberg. It park hat mear as twa ton koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)