Nij klassyk muzykfestival

11 feb 2011 - 17:06

It is sa goed as wis dat der yn juny in nije fergees klassyk muzykfestival komt yn Ljouwert. De organisaasje krige freed subsydzje fan it Kultuerfûns. Op ferskate poadia yn de stêd sil trije dagen lang klassike muzyk spile wurde. City Proms is de namme fan it klassike muzykfestival.

De ynspiraasje komt fan it Festival Classique yn Den Haach. Mar it wurdt dêr gjin kopy fan. Mei in soad ynbring fan de Fryske befolking en jongerein moat it in eigen karakter krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)