Nij keunstwurk by Drachten

20 mrt 2011 - 11:13

Op it bedriuweterrein Azeven Noord by Drachten komt in nij keunstwurk. Op in hoeke oan it Noorderend, by de nije meldkeamer fan de noardlike helptsjinsten, komt in útfergrutting fan it piktogram wêrmei't bedriuweterreinen op buorden oanjûn wurde, de oerfoarm fan in fabryk.

It keunstwurk wurdt útfierd yn swart metaal. It wurdt sa'n 13 meter breed, 12 meter heech en 5 meter djip. It wurdt ek brûkt om keunstinisjativen ûnderdak te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)