Nij keatspartoer formearre

04 nov 2006 - 13:09

It keatsseizoen lit noch even op him wachtsje, mar der is al wer in nij partoer foarme by it haadklasse keatsen. Klaas Berkepas sil keatse mei Pieter Scharringa en Daniël Iseger. Dy sette Johan Abma oan de kant. Berkepas ferlit it duo Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Dy sille fierder mei Johan Abma. It is oars noch mar de fraach oft Terpstra yn 2007 wol keatse kin. De Ljouwerter is swier blesseard nei in kitesurfûngefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)