Nij keatsmuseum Frjentsjer letter iepen

23 jul 2015 - 15:19

It nije keatsmuseum yn Frjentsjer is noch lang net klear. Dat seit foarsitter Jan Hiemstra fan dat museum. It keatsmuseum ferhuzet nei in oar plak yn Frjentsjer en de bedoeling wie dat it nije museum al foar de PC wer iepen gean soe. Mar dat slagget net.

It nije keatsmuseum wurdt moderner en ynteraktiver en dêr giet in soad tiid en jild yn sitten. Der wurdt no besocht om it museum klear te krijen foar de nasjonale museumwike. Dy wurdt hâlden yn april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)