Nij kantoar UPC is duorsum

17 mrt 2010 - 14:19

De nijbou fan it UPC-kantoar oan de Reviusstrjitte yn Ljouwert is woansdei offisjeel begûn. Dat barde troch ûndertekening fan it kontrakt tusken UPC, de bank en de gemeente Ljouwert. It is it earste gebou yn Europa dat de op ien nei heechste skoare hellet foar duorsumens.

Yn it nije UPC-gebou is plak foar 450 meiwurkers en it is hielendal taspitst op in noflike wurkomjouwing foar de meiwurker. De bou begjint yn juny. Ein 2011 moat it gebou klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)