Nij kantoar Jeugdzorg iepene

31 mrt 2009 - 22:38

Tichter by gesinnen stean en earder yngripe kinne, dat wol Jeugdzorg yn Drachten berikke mei de ferhuzing nei in nij gebou. Yn it Centradagebou yn it sintrum sitte no alle ynstellingen foar jeugdhelpferliening byinoar.

By Jeugdzorg Fryslan komme sa'n 80 meldings foar help yn 'e moanne binnen, wêrfan 30 yn de regio Drachten. Ek de nije sintra foar Jeugd en Gezin moatte de ôfstân tusken hûshâldens en de helpferliening lytser meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)