Nij jongereinsintrum Boalsert

29 aug 2014 - 21:14
  • De jongerein hat tenei in plakje oan de Boargemaster Praamsmaleane
  • It nije jongereinsintrum yn Boalsert waard freed iepene

Yn Boalsert is in nij jongereinsintrum iepene. Stichting Jongerenwerk Bolsward hie earst in lokaasje efter it âlde gemeentehûs yn de stêd. Dat gebou mochten se lykwols net langer mear brûke fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Der moast wol in nij plakje komme foar de jongerein en dat is no fûn oan de Boargemaster Praamsmaleane. Yn de nije romte is ûnder oare in poadium, in bar en der komt ek WiFi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)