Nij Joadsk monumint yn Snits

08 jul 2010 - 17:05

By it Joadsk begraafplak yn Snits komt in monumint. It wurdt in grutte betonnen sirkel mei dêrop twa trijehoeken. As de sinne yn in bepaade stân stiet, makket it monumint it skaad fan in Davidsstjer. Keunstner Dirk Hakze fan Snits hat it monumint ûntwurpen. Hy fynt dat der mear omtinken wêze moat foar de skiednis fan 'e stêd.

Mei it nije monumint wurdt stilstien by wat de Joadske mienskip foar de stêd betsjut hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)