Nij izerfabryk iepene

08 okt 2005 - 17:34

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat yn Drachten in nije festiging fan de WADRO-groep iepene. De fabriken fan dat bedriuw meitsje yngewikkelde konstruksjes fan izer dêr't letter beton om hinne komt. Soks wurdt bygelyks brûkt by de bou fan stadions en fiadukten.

Yn it nije fabryk wurkje mar 20 meiwurkers en dat komt omdat robots it wurk dogge. Der is njoggen miljoen euro stutsen yn it nije fabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)