Nij imago Kameleondoarp sukses

16 apr 2014 - 15:48
  • Kameleondoarp
  • Kameleondoarp

It Kameleondoarp yn Terherne hat lange tiid wraksele mei in imagoprobleem: it temapark soe saai en âlderwetsk wêze. Krektlyk as de Kameleonboeken fan Hotze de Roos, dy't hieltyd minder populêr wurde ûnder de jonge lêzers. Mar nei in direksjewiksel waait der sûnt in pear jier in nije wyn troch it park. En mei it nedige sukses.

It besikersoantal ferdûbele sawat fan 18.000 yn 2010 nei 35.000 ferline jier. Dizze wike hat de ANWB it Kameleondoarp sels útroppen ta Leukste Uitje fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)