Nij Iduna klear foar seizoen

19 sep 2014 - 15:12
  • It fernijde poppoadium Iduna yn Drachten
  • De nije grutte seal fan Iduna
  • It nije poadium is in stik grutter

Poppoadium Iduna yn Drachten is klear foar it nije seizoen. Nei in jier lang ferbouwen is ûnder oare de grutte seal bot opknapt. Artysten hoege har net mear om te klaaien yn in kantoar, mar yn nagelnije klaaikeamers. De minsken fan Iduna binne grutsk op harren fernijde ûnderkommen. Sneontejûn spilet de band 'De Staat' as earste yn it nije Iduna.

Iduna wie oant 2002 in jongereinsintrum. Doe't it offisjeel poppoadium waard, is de ferbouwing útsteld, om't Iduna miskien De Lawei yn soe. Iduna is bliid dat dat net trochgien is.

De Lawei is foarearst net beskikber, no't de ferbouwing stilleit nei skeel tusken oannimmer en skouboarch. Iduna nimt no in part fan de programmearring fan De Lawei oer. Op 21 novimber is de offisjele iepening fan Iduna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)