Nij: hydraulyske skates

12 mrt 2004 - 00:00

Ald-reedrider Hilbert van der Duim hat freed in nij soart fan skeelers presintearre. It giet om saneamde 'hydroskates'. Twa manlju út Harns en Hjerbeam hawwe fiif jier wurke oan 'e ûntwikkeling en útfiering fan 'e nije skates. De skelers binne spesjaal makke foar de langere ôfstân.

Op de hydroskates is patent oanfrege. Dy't in pear oanskaffe wol, moat wol ta de bûse. In pear hydraulyske rolredens kostje op syn minst 700 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)