Nij hospice siket frijwilligers

09 jul 2002 - 00:00

Bennema State yn Hurdegaryp begjint yn septimber mei in hospice. Minsken dy't yn de lêste faze fan har libben sitte en net mear better wurde, kinne dêr telâne. Doel is dat de bewenners yn in sfear fan harmony har der thúsfiele kinne.

It hospice siket fyftich frijwilligers. Tiisdei 16 july is yn Bennema State in byienkomst om 19.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)