Nij hingplak foar jeugd Drachten

19 okt 2005 - 10:05

Yn de brede skoalle yn de Middelwyk yn Drachten komt in hingplak foar jongeren. Dêrmei besiket de gemeente de oerlêst fuort te nimmen dy't jongeren yn de wyk feroarsaakje. De jongeren kinne op it stuit nei in hingplak yn de eardere asylsikersskoalle, mar dêr soargje se foar in soad oerlêst.

Benammen de buert klaget oer de jongeren, dy't yntusken ek de muorren fan de skoalle fol teksten kalke hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)