Nij haadkantoar Fryslân Miljeu

18 nov 2002 - 00:00

Moandeitemoarn is it nije haadkantoar fan Fryslân Miljeu op yndustryterrein De Himrik yn Ljouwert iepene. Dat barde mei in mienskiplike moarnsbrogge foar de 120 wurknimmers. De direksje fan Fryslân Miljeu neamt it strategysk dat it nije haadkantoar yn Ljouwert stiet.

De nije festiging jout in ekstra ympuls oan 'e glêdensbestriding. Sa binne nije struiweinen oanskaft. Fan 2003 ôf sil yntinsyf yn 't foar struid wurde as der driging fan izel is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)