Nij haad ûnderwiis Opsterlân

29 nov 2005 - 14:04

Jan Veenstra wurdt op ien maart takom jier de nije direkteur fan it iepenbier ûnderwiis yn Opsterlân. Op dit stuit is Veenstra algemien direkteur fan it basisûnderwiis yn Boarnsterhim. Yn Opsterlân moat er it ûnderwiis fierder ûntwikkelje en stjoering jaan oan de skoaldirekteuren.

Ek moat hij soargje foar in bettere gearwurking, ûnder oaren mei de nije gemeentlike bestjoerskommisje, dy't fan takom jier ôf oan de slach giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)