Nij greidefûgelreservaat by Hilaard

26 nov 2015 - 19:45

Tusken Hilaard en Blessum hat Natuurmonuminten mei help fan de provinsje tsien bunder greide oankocht. It terrein hat de âlde struktuer noch en is yn de maitiid no al in plak dêr't aardich wat greidefûgels te finen binne. Op en om it gebiet waard al oan agrarysk natoerbehear dien. Natuurmonuminten wol dat fierder ferbetterje troch it behear folslein ôf te stimmen op jonge greidefûgelpiken.

Dat betsjut dat it gerslân krûderiker wurde moat. Soks lûkt ynsekten oan en dat is wer fretten foar de piken. De grûn wie fan âld-reedrider Ids Postma.

De oankeap as natoergrûn bart as kompensaasje foar de oanlis fan bygelyks diken wêrtroch greidefûgelgebieten ferlern gien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)