Nij gers Abe Lenstrastadion

17 jun 2010 - 16:11

Achttûzen kante meter oan nij gers is tongersdei yn heech tempo dellein yn it Abe Lenstrastadion. De kosten binne sa'n 50.000 euro. It fjild moast ferfongen wurde omdat de gersmatte bot skansearre wie troch in konsert fan Guus Meeuwis. Sportclub Hearrenfean draait sels foar de kosten op.

Ferline jier moast it fjild ek al ferfongen wurde nei in optreden fan Meeuwis. De matte is pleatst troch in bedriuw út Limboarch dat ek it gers fan Ajax, PSV en Twente lein hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)