Nij gemeentehûs no al oanpast

28 jan 2003 - 00:00

It gemeentehûs fan Dantumadiel yn Damwâld is noch mar in lytse trije jier âld, mar moat no al yngeand oanpast wurde. Sa wurdt de temperatuer yn it gebou fierstente heech as de sinne skynt. Fierder siicht it by de baly fan de resepsje en kinne besikers de haadyngong net fine, om't dy te min opfalt.

Der binne noch mear saken oan it nije gebou dy't net foldogge. It oanpassen dêrfan kostet hast 181.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)