Nij gemeentehûs midden yn Dokkum

21 des 2001 - 00:00

Dongeradiel kriget in nij gemeentehûs yn it sintrum fan Dokkum. De gemeenterie stimde tongersdei yn mei nijbou foar 25 miljoen gûne. Takom maitiid kin de skeppe de grûn yn.

Der is jierren praat oer de nijbou fan it gemeentehûs. Earst moasten se it iens wurde oer de lokaasje: binnenstêd of net. Doe foelen de kosten hieltyd heger út as begrutte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)