Nij gemeentehûs Kollum

25 sep 2003 - 00:00

Yn Kollum is tongersdei it nije gemeentehûs offisjeel iepene. Fertsjintwurdigers fan de pleatslike belangen ferrjochten de iepening. Op dat stuit wiene rûnom yn de gemeente de tsjerkeklokken te hearren.

It nije gemeentehûs hat mei-elkoar hast 8 miljoen euro koste. Dat is lykwols 200.000 euro minder as dêr't op rekkene wie. It jild wurdt wierskynlik weromstoart yn de reserves. It âlde gemeentehûs waard te lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)