Nij gemaal op eilân De Burd by Grou yn gebrûk naam

02 sep 2015 - 17:40

Mei in nij gemaal op De Burd kin Wetterskip Fryslân no út Ljouwert wei it wetterpeil beheare op it eilân by Grou. It nije gemaal is woansdeitemiddei yn gebrûk naam. It is ûnderdiel fan in grutter plan. Diken en kaden wurde ferstevige en sleatten ferbrede. De grûn dy't út de sleatten komt, wurdt brûkt om de diken sterker te meitsjen.

De maatregels moatte boppedat de greidefûgelstân opkrikke. De provinsje wol in grutter gebiet kreëarje foar greidefûgels. Mei De Burd en it njonkenlizzende natoergebiet De Alde Feanen liket dat te slagjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)