Nij gebou Vitens op Flylân

28 jul 2009 - 10:32

De fjouwer gebouwen fan wetterbedriuw Vitens by de fjoertoer op Flylân wurde ferfongen troch ien. Vitens docht dat omdat de gebouwen ferâldere binne, boppedat is it wurkjen op fjouwer lokaasjes minder effektyf.

It nije gebou krijt in rûne foarm en wurdt beklaaid mei grien glês, sadat it better yn de omjouwing past. Yn it gebou komme ûnder oare de opslach, suvering en distribúsje fan it wetter. It nije ûnderkommen moat begjin 2011 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)