Nij gebou Piter Jellles Dokkum

16 des 2005 - 06:25

De skoalle Piter Jelles Dalton yn Dokkum krijt in nij ûnderkommen. As soarte fan ôfskie koene de learlingen tongersdei in tegeltsje beskilderje mei in werinnering oan it âlde gebou. Alle 105 tegels wurdt aanst ien grut boerd mei dêrop it logo fan de skoalle: de holle fan Piter Jelles Troelstra.

It P.J. Dalton yn Dokkum is de iennige offisjele Daltonskoalle foar fuortset ûnderwiis yn Noard-Nederlân. It boerd wurdt freed foar de nije skoalle delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)