Nij gebou Lyndensteyn iepene

14 nov 2003 - 00:00

De nijbou fan revalidaasjesintrum Lyndensteyn yn Beetstersweach waard freed yn gebrûk nommen. Dat betsjutte dat der in grutte ferhuzing plakfine moast. It âlde gebou waard ferline jier al sloopt. De 64 bewenners waarden doe ûnderbrocht op in oare lokaasje.

It monumintale haadgebou is mei in loftbrêge ferbûn mei de nijbou. De nijbou hat 24 miljoen euro koste. Yn Lyndensteyn revalidearje minsken dy't in beroerte of in swier ûngelok hân ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)