Nij gebou histoaryske feriening

12 aug 2004 - 17:32

De histoaryske feriening Appelskea hat wer in nij ûnderkommen. It gebou baarnde ein oktober folslein út. Derby gie in skat oan materiaal ferlern.

Daliks nei de brân binne frijwilligers begûn mei de weropbou. Derfoar ha se hout brûkt fan de heal ôfbaarnde beammen neist it eardere klubgebou. Op dit stuit is de histoaryske feriening drok dwaande mei it gearstallen fan in nije kolleksje. Yn septimber wurdt it gebou offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)