Nij gebou FRL Post

24 okt 2014 - 20:02

FRL Post yn Ljouwert hat freed oan de Zwettestrjitte in nij bedriuwsgebou iepene. Troch de groei fan it bedriuw wie der yn de twa besteande gebouwen net genôch romte mear. Eigener Lieuwe Dijkstra is grutsk op de groei fan it bedriuw. Neffens him wie de útwreiding bot nedich. Mei de iepening fan it nije pân wurdt it mooglik om de postbesoarging, folderfersprieding en distribúsje in eigen plak te jaan.

It yn 1993 oprjochte bedriuw hat 100 fêste meiwurkers en 1800 besoargers yn tsjinst en besoarget wykliks miljoenen folders en kranten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)