Nij gebou foar 322-skwadron

01 sep 2011 - 17:17
  • It offisjele momint (foto Omrop Fryslân, Roelof Lousma)1j1

It 322-skwadron fan de Ljouwerter fleanbasis hat tongersdei in nij ûnderkommen yn gebrûk nommen. De iepening waard dien troch Appie Plesman, de broer fan de omkommen 322-piloat Jan Plesman. Syn Spitfire waard yn 1944 troch de Dútsers delhelle boppe Frankryk. It fleantúch waard fûn, mar it lichem fan Plesman net.

Om him te earen hat it gebou syn namme krigen. Yn it gebou sitte kantoaren, fergadersealen, briefingromtes en in echte kroech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)