Nij fytspaad tusken Boazum en Skearnegoutum

20 nov 2014 - 14:20
  • Nije fytsbrêge by Reduzum

Tusken Boazum en Skearnegoutum is tongersdeimoarn in nij fytspaad by De Swette iepene. It fytspaad makket ûnderdiel út fan meardere fytspaden by De Swette, dy't yn it ramt fan it Frysk Marreprojekt oanlein binne.

Njonken it fytspaad tusken Boazum en Skearnegoutum waard ek in nije fytsbrêge by Reduzum ynwijd.
Basisskoallelearlingen út Boazum betochten de namme 'De Swetse' foar dy fytsbrêge. Dy brêge soarget foar in fytsferbining tusken de gemeenten Littenseradiel en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)