Nij fytspaad Rie-Berltsum

25 apr 2013 - 16:45

De provinsje lûkt 1,8 miljoen euro út foar de oanlis fan fytspaden by Rie-Berltsum, Noardermar yn Starum en in fytsbrêge by de Tike yn Nyegea. De provinsje betellet ek mei oan in spoartunnel yn de Alvestêdewyk yn Frjentsjer. Derneist besteget de provinsje yn trije jier tiid 750.000 euro oan fytsfeilichheid.

Der is ek 2 miljoen euro ekstra foar tûke oplossings yn it iepenbier ferfier op it plattelân. Yn in transferium dat fanwege de oanlis fan de Sintrale As nêdich is by Quatrebras wurdt in miljoen stutsen.

Ien en oar wurdt allegear betelle út de 48 miljoen euro oan Ryksjild dat nei Fryslân giet foar ferkear en ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)